Frachtferkear troch Waskemar is libbensgefaarlik; provinsje moat maatregels nimme

Fytsers dy't fan 'e sokken riden wurde troch frachtweinen en bern dy't bang op skoalle komme: de ferkearssituaasje yn Waskemar is net yn oarder. Dat fynt de wurkgroep ferkearsfeiligens yn it doarp. De provinsje moat maatregels nimme om it frachtferkear te kearen.
Frachtferkear troch Waskemar
De grutte frachtweinen dy't fan de slûprûte tusken Drachten en Haulerwyk gebrûk meitsje, soargje net allinnich foar in soad oerlêst, mar ek foar libbensgefaarlike situaasjes.
Neffens de wurkgroep VerkeersVeilig Waskemeer komt it gauris foar dat de learlingen fan CSG Liudger letterlik fan de fyts riden wurde. Ek de direkteur fan de skoalle, Dick Wilbrink, hat noed oer de ferkearssituaasje. "Ik krijg met enige regelmaat te horen 'meneer, dat ging nog maar net goed'. Moet het nu zo ver komen dat het écht een keer helemaal fout gaat voordat ze iets doen bij gemeente of provincie? Hopelijk zien ze in dat er sneller op geacteerd moet worden, want we willen geen dodelijk ongeval."

Brânbrief

De wurkgroep freget no yn in brânbrief oan deputearre Avine Fokkens om hjir no sa gau mooglik wat oan te dwaan, foardat der deadlike slachtoffers falle.
Leden fan de wurkgroep oer de situaasje
"Uiteraard zouden we er graag iets mee willen doen, alleen is de vraag hoe ver wij daarin een rol spelen. Waskemeer is natuurlijk gemeentegrond, dus wij kunnen als provincie niet zomaar zeggen dat het anders ingericht moet worden. We geven als provincie langs de N381 met een heel groot bord aan dat mensen vooral rechtdoor moeten rijden richting Oosterwolde, maar we kunnen mensen niet verplichten om dat te doen", seit Fokkens.
Deputearre Avine Fokkens
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Veilig Verkeer Nederland stipet de protesten fan de wurkgroep en hat sawol de deputearre as de belutsen lokale wethâlder in skriftlik advys jûn om alle frachtferkear troch dizze doarpen te ferbieden.