Op dit stuit 72 coronapasjinten yn Fryske sikehuzen

25 jan 2021 - 10:27

Yn de Fryske sikehuzen wurde op dit stuit 72 pasjinten behannele mei in coronabesmetting. Dêrfan lizze der 23 minsken op de intensive care. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Yn Grinslân is it tal coronapasjinten yn it sikehûs hast gelyk oan de sifers yn Fryslân. Yn Grinslân lizze der 79 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 24 minsken op de IC. Yn Drinte binne dat der 45, wêrfan 15 op in IC-bêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)