Ferskate ûngelokken troch glêdens op de dyk

25 jan 2021 - 09:45

Moandeitemoarn hawwe yn Fryslân ferskate ûngelokken west troch glêde diken. Sa rekke in auto fan de dyk op de A31 by Frjentsjer. Yn Achlum bedarre in auto yn de sleat. De meldkeamer warskôget minsken dy't de dyk noch op moatte om der ekstra goed om te tinken.

Foto: SRFotografie

Troch glêdens op de A31 bedarre by Frjentsjer in auto yn de berm en einige ûnder yn de berm. De bestjoerder kaam mei de skrik frij. Rykswettersteat hat de dyk ôfsluten om it stik dyk ekstra te struien.

By Achlum rekke in bestjoerder fan de dyk en kaam yn de sleat lâns de Hitzumerwei telâne. Ek dizze bestjoerder kaam der sûnder kleanskuorren fanôf.

Foto: SRFotografie
(Advertinsje)
(Advertinsje)