Mear Friezen fiele har iensum sûnt de ynfiering fan de coronamaatregels

25 jan 2021 - 08:29

Mear minsken sizze harren iensum te fielen en sosjale kontakten mear te missen sûnt de ynfiering fan de coronamaatregels. Dat blykt út in represintatyf ûndersyk fan ûndersyksburo Kien, yn opdracht fan RTV Noord, RTV Drenthe, RTV Oost en Omrop Fryslân.

Foto: Shutterstock.com / fizkes

Als it giet om de mentale sûnens dan is de trend fergelykber mei april fan foarich jier. Dat yn de simmer fan 2020 de leien losser wiene as yn april en no, blykt dan ek út de ûndersyksresultaren. Ferlike mei septimber fiele op dit momint mear minsken harren ûnder oare ûngelokkiger, iensumer en drôvich.

Mear iensumens

Egbert Minnema is datasjoernalist by RTV Noord en set in tal opfallende resultaten op in rychje. "De situatie is grotendeels vergelijkbaar met april. Mensen zijn net zo ongelukkig als vorig jaar tijdens de eerste lockdown. In april voelde 60% van de Noorderlingen zich eenzaam, nu is dat zelfs iets hoger: 68%."

Jûnsklok

Ek is minsken frege wat se fan it ynfieren fan de jûnsklok fine. Minnema: "Een kleine meerderheid vindt de avondklok logisch (51%), maar er is ook een grote groep die er niet veel heil in ziet. En 18% heeft geen mening."

Finansjele soargen

Opfallend is it antwurd dat minsken joegen op de fraach oft se harren soargen meitsje oer de finansjele gefolgen fan de coronakrisis. Minnema: "In april maakte 32% zich zorgen om de financiële situatie. Nu is dat nog maar 22%. Ondanks de strengere lockdown zijn mensen dus minder bang voor de financiële gevolgen geworden. Dat is een bijzonder resultaat."

Datasjoernalist Egbert Minnema

Thús

Ek it oandiel noarderlingen dat it ferfelend fynt om safolle mooglik thús te bliuwen sit wer op in fergelykber nivo as yn april, doe't we noch mar koart yn de coronakrisis sieten. In lytse mearderheid fan 50,2 prosint joech dizze moanne oan net bliid te wêzen mei it thússitten. Yn april wie dat 48,1 prosint. Yn septimber, doe't de maatregelen in stik soepeler wiene as yn april en no, lei dit leger, mei 41,7 prosint.

Noch hieltyd jout in grut diel fan de noarderlingen oan dat de sfear thús troch de maatregels net perfoarst min wurden is, mar dit oandiel nimt wol ôf, yn fergeliking mei septimber en april. Yn april gong it om trije koart fan de minsken en yn septimber lei dit oandiel sels noch wat heger, mar dizze moanne is dat rom twatredde.

Regionaal maatwurk

Ien oare opfallende ferskowing sit him yn de fraach of minsken wolle dat de coronamaatregels regionaal ferromme wurde moatte, as yn harren regio minder corona-útbraken binne as yn oare gebieten yn it lân. Yn septimber wie 37,8 prosint it net mei dizze stelling iens. Begjin dit jier is dit persintaazje omheech gien nei goed 54 prosint.

Finansjele soargen

It oandiel noarderlingen dat oanjout him mear finansjele soargen te meitsjen as foar de coronakrisis rint werom. Yn april jout 32,7 prosint fan de ynwenners fan Noard-Nederlân en Oerisel oan mear finansjele soargen te hawwen as foarhinne. Yn septimber gong dat al nei 25 prosint en dizze moanne is dat persintaazje 22,5 prosint.

Neffens ekonoom Erica Verdegaal kin dit lizze oan it feit dat minsken mear jild oerhâlde yn de coronakrisis. "Mensen doen geen impulsaankopen meer, gaan niet op vakantie en kunnen bijvoorbeeld geen geld meer uitgeven in de kantine op hun werk."

Ek sjocht se dat de wurkleasheid ûnder Nederlanners omleech gien is sûnt desimber en dat der minder falliseminten binne as gewoan. "Dat is opvallend. Ik denk iedere keer: misschien komt de klap nog. Maar tot nu toe valt het dus reuze mee. De tijd zal het leren."

Ekonoom Erica Verdegaal

Undersyksburo Kien hat oan goed tûzen ynwenners fan Oerisel, Drinte, Fryslân en Grinslân frege nei harren miening oer corona. Hjirby is sjoen nei in represintative ferdieling oer de fjouwer provinsjes, leeftiidskategoryen, man/frou-ferhâlding en opliedingsnivo. De ûndersyksferantwurding fynst hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)