Kollum: "Moarnsklok"

25 jan 2021 - 08:19

"Ofrûne sneon gong de jûnsklok yn. Nei njoggen oere jûns mei gjin kop mear op de dyk wêze. Allinnich minsken dy't foar harrren wurk op paad moatte binne in útsûndering op dy regel. En - hjir komt de twadde útsûnderingskategory dêr't hiel Nederlân op hope hie - minsken dy't de hûn útlitte moatte. Samar ynienen wie der in wiere 'run' op hûnen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Wy ha hjoed op 'e kop ôf in wike lyn ek in hûn krigen. In útfanhûzer, dy't in pear wiken bliuwt. De timing blykte perfekt, want no meie wy der - lucky bastards dat we binne - nei njoggen oere jûns dus dochs noch út.

Wy meie der noch út, gelokkich, want hiel earlik: ik moat der net oan tinke om nei njoggenen noch mei dat bist op sjou. Ik bin al lang bliid dat we om acht oere wer lekker waarm binnen sitte nei in kâlde kuier. Hielendal mei it hûnewaar fan de ôfrûne wike. Rein, hurde wyn en kjeld. Lit my dan om njoggen oere mar lekker foar de houtkachel sitte. En krekt foar it op bêd gean kin Fikkie noch wol efkes yn de tún pisje.

Mar sa tinkt lang net elkenien der oer. Der is in kategory minsken dy't jûns perfoarst nei bûten moat. Dy't allinnich al troch it idee dat se opsluten sitte, by de muorren omheech fleane. En dy't no senuweftich nei in oplossing sykje yn de foarm fan in lienhûn. In tydlike Bijke, dy't as aliby tsjinnet, sadat se harsels útlitte kinne.

Op ynternet biede hûne-eigeners harren hûnen massaal oan om útlitten te wurden. 'Aangeboden: hond om vanaf volgende week uit te laten na 21.00 uur. Twaalf jaar oud, zo goed als nieuw' seach ik al foarby kommen op Twitter. En ek de webside 'Match een leenhond' hat it noch nea sa drok hân. Yn in wike tiid wienen alle hûnen útliend.

In kwealike saak, sa seit de Koninklijke Hondenbescherming. Want in hûn útlitte, is in hiele ferantwurdlikheid. It is net sa simpel as de riem fêsthâlde, poepsekje yn de bûse en 'gaan met die banaan'. De hûnebeskerming is benaud dat ûnbekende baaskes de stress-sinjalen fan harren lienhûn net herkenne, wêrtroch't it bist hielendal trochdraaie kin.

Dan mar in eigen hûn. It tal minsken dat yn coronatiid in puppy oanskaft hat, is skyhigh. Dy oanskaf liket al dizze baaskes no dûbeld en dwers werom te beteljen, no't se de jûnsklok omsile kinne.

Mar ferjit net dat in hûn ek in moarnsklok hat. Kinst moarns net oant tolve oere lekker op bêd lizze te stjonken. Want dan stjonkt it geheid ûnder ek, dêr't Fikkie by hege need gjin oare útwei seach en syn keuteltsje draaid hat yn dyn djoere bonsaibeamke.

Ek by ús stiet de moarnsklok yn it wykein dêrom op sân oere. Sa binne we alle dagen moai op 'e tiid út de fearren. Ach, jout ek neat. Wy lizze ommers jûns ek al betiid yn ús mand. Want - krekt as by ús - binne ek de batterijen fan ús útfanhûzer nei healwei tsienen leech. Dat is gjin jûnsklok, dat is ús 'biologyske klok'."

(Advertinsje)
(Advertinsje)