Friesland College organisearret online iepen dagen foar nije studinten

Gewoanwei is it begjin fan it jier de tiid by útstek foar skoallen om nije studinten út te nûgjen foar harren iepen dagen. Fanwege de coronamaatregels is it op dit stuit foar skoallen ûnmooglik om potinsjele learlingen op dizze wize te berikken. It Friesland College, dat sa'n 130 mbû-opliedings oanbiedt, hâldt dizze wike dêrom in online iepen wike.
© Friesland College
Jan Dijksma fan it Friesland College leit út hoe't dizze online wike der krekt útsjen sil. "We organiseren deze week 68 webinars. 's Middags en 's avonds presenteren docenten en studenten hoe onze opleidingen in elkaar zitten. Daarnaast geven we een presentatie hoe het op school is. Dat doen we allemaal online vanuit huis."

Online stúdzje-advys

Studinten dy't noch in oplieding kieze moatte, kinne in ôfspraak meitsje mei in stúdzje-adviseur fan it Friesland College. "Ook onze adviseurs zitten klaar om jongeren die nog een studiekeuze moeten maken te helpen. Dat kan online door vragen te beantwoorden, maar je kunt ook een online studiekeuzetest maken. Tot slot is telefonisch advies natuurlijk ook een mogelijkheid."

Sfear priuwe

Utlis jaan oer in oplieding is online prima te dwaan. Mar dat jildt net foar it priuwen fan de sfear op skoalle, wit ek Dijksma. "Dat is heel lastig. Hoe ziet het gebouw eruit, hoe ziet een les eruit? Dat is nu absoluut onmogelijk om te laten zien. In maart hopen we heel kleine groepjes in onze school te mogen verwelkomen. Dan gaat het om groepjes van drie studenten en drie ouders. We noemen dat een minitour."
Jan Dijksma fan it Friesland College