Kok set unike prestaasje del: "Ik bin der tige grutsk op!"

24 jan 2021 - 20:48

In unike prestaasje foar Femke Kok dit wykein by de wrâldbekerwedstriden op Thialf, se wûn de beide 500 meters. Dat prestearre noch net earder in Nederlânske rider. Dêrneist helle se op de 1.000 meter it brûns.

Femke Kok op de Wrâldbeker op It Hearrenfean

"Ik tink der net oer nei as ik by de start stean," seit Kok oer har unike prestaasje op de 500 meter. "Mar it is wol moai dat ik dat helle ha, as earste Nederlanner. Ik bin der hiel grutsk op!"

De lege luchtdruk holp de jonge Friezinne om har prestaasje del te setten. Dochs siet in 36'er der net yn, al siet se mei 37,08 en 37,27 ticht by. Snein hie it miskien kinnen, al rekke de konsintraasje wat fuort trochdat har tsjinstanner fuortendaliks nei de start foel. "De tiid wie genôch foar de winst, dêr bin ik bliid mei. Mar ik hoopje dat ik dit seizoen noch in 36'er ride kin." Der komme noch wat wedstriden oan, dus dat wurdt wol in doel, sa seit se.

Persoanlik rekôr

Op de 1.000 meter ried Femke Kok mei 1.14,07 in persoanlik rekôr, mar dochs wie se ûntefreden by de finish: "Ik woe sa graach de 1.13 oantikke!" Flak foar de finish kaam lykwols de wurgens, wêrtroch't se der krekt net oan ta kaam. "Ik sit alle kearen sa tichtby, mar it is it altyd krekt net." Dochs is se wol hiel wiis mei har PR, en fansels ek mei de brûnzen medalje.

Nije wike stiet Kok op 'e nij oan de start by de twadde en lêste wrâldbekerwedstriid fan dit seizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)