LDODK wint yn Amsterdam fan Blauw Wit

LDODK hat sneintemiddei har útwedstriid tsjin Blauw Wit Amsterdam wûn mei 22-25. It wie neffens trainer Henk Jan Mulder in spannende wedstriid.
© orange-pictures.nl
Ferline wike wûnen de kuorballers fan De Gordyk al thús fan Groen Geel. Dus de start nei de coronapauze wie goed. Dochs wie de wedstriid fan snein spannender as dy eins wêze moatten hie. "Wy moasten der hiel hurd foar wurkje", seit trainer Mulder. "Ik tink dat wy op twa mominten yn de wedstriid fersomme hawwe om in rommere foarsprong nei hûs ta te spyljen."
Oardel minút foar tiid wie it pas wis dat LDODK winne soe. Mei twa oerwinnings hat LDODK in goeie start yn de kuorballeague.
Henk Jan Mulder, trainer LDODK