Femke Kok yn persoanlik rekôr nei wrâldbekerbrûns op 1.000 meter

24 jan 2021 - 18:04

Femke Kok fan Nij Beets hat sneintemiddei by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf in brûnzen medalje wûn op de 1.000 meter. De Friezinne ried in nij persoanlik rekôr fan 1.14,07. It goud gie nei de Amerikaanske Brittany Bowe yn 1.13,60. It sulver wie foar Jorien ter Mors yn 1.13,94.

Femke Kok op de Wrâldbeker op It Hearrenfean

It is foar it earst dat Kok op it wrâldbekerpoadium stiet op de 1.000 meter. Earder dit wykein wûn se ek al twa kear de 500 meter.

Ireen Wüst fan It Hearrenfean sette mei 1.14,61 de fiifde tiid del. Michelle de Jong fan Rottum kaam ta 1.14,92 en einige dêrmei as sânde.

Foto: Orange Pictures

Utslach 1.000 meter

1. Brittany Bowe (FS) 1.13,60
2. Jorien ter Mors (NED) 1.13,94
3. Femke Kok (NED) 1.14,07 (PR)
4. Jutta Leerdam (NED) 1.14,15
5. Ireen Wüst (NED) 1.14,61
6. Elizaveta Golubeva (RUS) 1.14,86 (PR)
7. Michelle de Jong (NED) 1.14,92
(Advertinsje)
(Advertinsje)