Atlantic Dutchesses winne harren klasse nei 5000 km roeie oer de oseaan

De Fryske roeifroulju fan de Atlantic Dutchesses binne sneintemiddei nei in roeitocht fan 5.000 kilometer oankaam op Antigua. Op 12 desimber binne se fuortgien fanút it Spaanske La Gomera. De froulju koene yn de twadde helte fan de wedstriid harren grutste konkurrint foarbliuwe.
Atlantic Dutchesses komme oan yn Antigua
De froulju roeie de Talisker Whisky Atlantic Challenge foar it goede doel, om jild op te heljen foar ûndersyk nei hert- en iersykten. Harren doel wie 10.000 euro, en dat is rom helle, der is mear as 20.000 euro ophelle. Trije fan de fjouwer teamleden komme út Fryslân: Iris Noordzij, Melissa Vooren en Renate de Backere.
Sneintemiddei krekt nei 17:00 oere Nederlânske tiid hiene de froulju wer sicht op lân. Se hawwe al mei al mear as in moanne op see west. Yn totaal giet it om 43 dagen, 4 oeren en 56 minuten. Alle dagen roeiend. Op harren tocht hawwe se te krijen hân mei weagen dy't sa heech wiene as in hûs. En ek wie der noed oer swurdfisken. Dy hiene ûnder de wedstriid ferskate boaten oanfallen. De skerpe swurden fan de bisten kamen by guon boaten dwers troch de boaiem hinne.
© Omrop Fryslân
De Atlantic Dutchesses hiene yn de wedstriid foaral in striid mei de manlju fan For a Fitter Planet út Ingelân. De iene kear leine de froulju foar, de oare kear de manlju. Uteinlik hawwe de manlju oan it langste ein lutsen, mar de Dutchesses wûnen wol de earste priis yn harren klasse.
Der diene yn totaal 21 boaten mei, de Fryske froulju binne úteinlik as sânde oer de einstreek kaam.