Sven Kramer wint sulver op 5.000 meter, Roest ferpletteret eigen baanrekôr

24 jan 2021 - 17:07

Sven Kramer hat sneintemiddei in sulveren medalje wûn op de 5.000 meter. De olympysk kampioen ried 6.11,80. It goud gie nei Patrick Roest, dy't mei 6.05,14 syn eigen baanrekôr mei mear as trije sekonden ferbettere. It brûns wie foar de Rus Sergey Trofimov mei 6.11,94.

Roest ried in rit foar Kramer en sette dêryn dus it ferpletterjende baanrekôr del. Kramer lei yn syn rit lange tiid ûngefear op it selde skema, mar moast yn de lêste ronden dochs tiid tajaan op Roest. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn einige as fiifde. Hy kaam ta in tiid fan 6.14,83.

Marwin Talsma fan Grou einige earder op snein as fjirde yn de B-groep. Hy ried in nij persoanlik rekôr fan 6.13.18. De winst yn de B-groep gie nei de Noar Hallgeir Engebråten mei 6.09,21.

Yn de B-groep wurdt lykwols wol yn kwartetten riden. Dit soarget ûnder mear foar mear loftsirkulaasje, wêrtroch't de tiden net hielendal te fergelykjen binne.

Utslach 5.000 meter

1. Patrick Roest (NED) 6.05,14 (BR)
2. Sven Kramer (NED) 6.11,80
3. Sergey Trofimov (RUS) 6.11,94
4. Davide Ghiotto (ITA) 6.12,87
5. Jorrit Bergsma (NED) 6.14,83
(Advertinsje)
(Advertinsje)