Goud foar de manlju en sulver foar de froulju op de relay

24 jan 2021 - 16:44

De shorttrack-manlju hawwe sneintemiddei op de relay yn it Poalske Gdansk in gouden plak pakt. De froulju grypten troch in falpartij mis, en moasten it dwaan mei sulver.

Foto: orange-pictures.nl

Itzhak de Laat, Sjinkie Knegt, Jens van't Woud en Friso Emons rieden in sterke race. Yn de lêste ronden koe Itzhak de Laat noch foarby de Russyske tsjinstanners komme, en úteinlik de winst binnenhelje.

De froulju hawwe by it EK harren titel op de relay net mei sukses ferdigenje. Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Xandra Velzeboer en Selma Poutsma moasten it nei in fal fan Schulting dwaan mei in sulveren plak. Nederlân skode noch in plakje op, om't it Russyske team in straf krige. De titel gie nei de shorttracksters út Frankryk, Italië helle brûns.

Harkje nei it ferslach fan de relay finale

Trefwurden: 
EK shorttrack
(Advertinsje)
(Advertinsje)