Lytse coronademonstraasje yn Ljouwert

24 jan 2021 - 15:59

Op it Saailân yn Ljouwert hawwe in lytse 40 minsken sneintemiddei 'kofje dronken' as protest tsjin de coronamaatregels. Dêrby is ien frou oanhâlden. Sy wegere nei in oprop fan de plysje om fuort te gean.

Foto: Anton Kappers, Kappers Media

Der kamen al mei al in lytse 40 minsken ôf op in facebookoprop. Dêryn waard frege nei it Saailân te kommen om dêr 'kofje te drinken'. De plysje, dy't manmachtich oanwêzich wie, hat ferskate dielnimmers in boete jûn. Se diene dat om't de minsken har net hâlden oan de coronamaatregels. Sa hâlden se harren net oan de 1,5 meter ôfstân.

Se binne dêrnei nei hûs ta stjoerd. Neffens de gemeente wie it dêrnei wer rêstich op it plein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)