Antoinette de Jong wint sulver op 3.000 meter, mar rekket baanrekôr kwyt

24 jan 2021 - 15:38

Antoinette de Jong fan Rottum hat sneintemiddei in sulveren medalje wûn op de 3.000 meter. By de wrâldbekerwedstriid kaam se nei 3.58,52 oer de finish. Irene Schouten pakte it goud mei in nij baanrekôr fan 3.57,15. It baanrekôr stie op namme fan De Jong.

Antoinette de Jong wint sulver op 3.000 meter

Schouten hie yn de rit foar De Jong it nije baanrekôr delset. De Jong besocht om dy tiid oan te fallen en siet lange tiid ûnder it skema fan Schouten. De Fryske reedrydster hie lykwols gjin antwurd op de flugge slotrondes fan Schouten en joech úteinlik 1,36 sekonden ta. It brûns op de 3.000 meter gie nei Joy Beune.

Reina Anema fan De Gordyk einige mei 4.02,58 op it sechde plak.

Foto: Orange Pictures

Utslach 3.000 meter

1. Irene Schouten (NED) 3.57,15 (PR) (BR)
2. Antoinette de Jong (NED) 3.58,52
3. Joy Beune (NED) 3.58,90 (PR)
4. Martina Sáblíková (TSJ) 3.59,21
5. Isabelle Weidemann (KAN) 3.59,43
6. Reina Anema (NED) 4.02,58
(Advertinsje)
(Advertinsje)