RIVM: 245 nije coronabesmettings fêststeld yn Fryslân

24 jan 2021 - 15:31

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 245 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 76 mear as sneon, doe gie it om 169 besmettingen. Gemiddeld sjoen binne der de ôfrûne wike alle dagen 222 minsken de dei besmet rekke mei it coronafirus.

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân mei 45.

Gjin nije stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin njie Friezen it sikehûs yn rekke fanwege it coronafirus de ôfrûne dei.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne snein 4924 meld.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)