Suzanne Schulting pakt Europeeske titel shorttrack yn Poalen

24 jan 2021 - 14:33

Shorttrackster Suzanne Schulting is Europeesk kampioen wurden yn it Poalske Gdansk. It is de tredde kear op rige dat Schulting de Europeeske titel pakt.

Suzanne Schulting

Trochdat Schulting yn Gdansk ek de 1000 meter op har namme skreau, is se yn it klassemint net mear te achterheljen. Selma Poutsma pakte sulver op dizze ôfstân.

Schulting wûn sneon ek al de 500 en de 1500 meter. Letter op snein stean yn Poalen noch de superfinale en de ôflossing op it programma.

Schulting ferovere earder de Europeeske allroundtitel yn Dordrecht (2019) en yn Debrecen yn Hongarije (2020). By dat lêste toernoai wûn se ek alle trije ôfstannen.

De Fryske shorttrackster is Olympysk Kampioen op de 100 meter en wûn yn 2019 yn Bulgarije de allroundwrâldtitel.

Suzanne Schulting - Foto: Orange Pictures

Harkje nei it ferslach fan Schulting dy't nei de titel rydt

(Advertinsje)
(Advertinsje)