Femke Kok wint opnij wrâldbekergoud op 500 meter

24 jan 2021 - 14:06

Femke Kok fan Nij Beets hat ek sneintemiddei de wrâldbekerwedstriid op de 500 meter wûn. De Friezinne ried mei 37,27 wol wat stadiger as op sneon. It sulver wie foar de Russyske Angelina Golikova (37,30). It brûns gie nei Olga Fatkoelina (37,40). Marrit Fledderus fan Sint Nyk debutearre op in ynternasjonale wedstriid.

Marrit Fledderus

Kok ried yn de ien rit tsjin de Vanessa Herzog. De Eastenrykse gie lykwols op de earste hûndert meter al ûnderút, wêrtroch Kok op de krusing net fan har profitearje koe. Mei dêrtroch wie Kok krekt wat stadiger as op sneon. Yn de lêste rit kamen Angelina Golikova (37,30) en Heather McLean (37,52) net mear oan de tiid fan Kok.

Michelle de Jong fan Rottum ried in persoanlik rekôr fan 37,76 en einige dêrmei as fiifde. Marrit Fledderus fan Sint Nyk waard alfde yn in tiid fan 38.19. Fledderus wie eins reserve, mar mocht starte om't Jutta Leerdam en Jorien Ter Mors harren ôfmeld hawwe foar dizze ôfstân.

Foto: Orange Pictures

Utslach 500 meter

1. Femke Kok (NED) 37,27
2. Angelina Golikova (RUS) 37,30
3. Olga Fatkoelina (RUS) 37,40
4. Heather McLean (KAN) 37,52
5. Michelle de Jong (NED) 37,76 (PR)
11. Marrit Fledderus (NED) 38,19

Mei twa út twa stiet Kok fansels boppe-oan yn it wrâldbekerklassemint. De Friezinne hat 120 punten. Golikova folget op it twadde plak mei 108 punten. McLean stiet tredde mei 91 punten út twa wedstriden.

Wrâldbekerklassemint op 500 meter

1. Femke Kok (NED) 120 punten
2. Angelina Golikova (RUS) 108 punten
3. Heather McLean (KAN) 91 punten
4. Olga Fatkoelina (RUS) 91 punten
5. Michelle de Jong (NED) 76 punten
27. Marrit Fledderus (NED) 30 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)