Brân by boerebedriuw yn Blije feroarsaket soad reek

24 jan 2021 - 14:00

By in agrarysk bedriuw yn Blije hat sneintemiddei koart brân west. De brân wie neffens de brânwacht yn in strie-opslach. Yn in skuorre derneist stiene hynders en kij, dêrom waard der fuortendaalks opskaald nei 'grutte brân'. De brânwachtgroepen fan Ternaard, Ferwert en Dokkum koene it fjoer gau ûnder kontrôle krije.

Foto: ProNews / Kevin van der Velde

Neffens Brânwacht Fryslân stiene der rubberen matten yn 'e brân. Dat soarge foar in soad reek. De hynders en kij koene op tiid út de skuorre njonken de strie-opslach helle wurde. De oarsaak fan de brân wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
brân Blije agrarysk bedriuw
(Advertinsje)
(Advertinsje)