Drugsfangst fan 55.000 euro by Snitser nei ferkearskontrôle yn Skearnegoutum

24 jan 2021 - 11:25

De plysje fan Snits hat by in ferkearskontrôle meardere ferpakkingen mei drugs fûn yn de auto fan in 26-jierrige Snitser. De man waard freedtejûn oanholden op de Hege Wier yn Skearnegoutum, omdat er te hurd ried. Letter fûn de plysje yn syn hûs noch mear drugs.

xtc-pillen - Foto: ANP

Omdat de plysje by de ferkearskontrôle it fermoeden hie dat de man drugs hân hie, waard fierder ûndersyk dien. In drugstest sloech posityf út en ek die bliken dat er xtc, metamfetamine en kokaïne by him hie. Dêrnei is ek syn hûs yn Snits trochsocht en dêr waard noch folle mear fûn: sa'n 16.000 xtc-pillen en kokaïne en crystal meth.

De wearde fan de drugs wurdt rûsd op goed 55.000 euro. De man sels en ek syn 26-jierrige freondinne sitte fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)