Plysje East-Fryslân bekeurt acht minsken foar oertrêdzjen jûnsklok
De plysje East-Fryslân hat sneontenacht acht minsken bekeurd dy't harren net oan de jûnsklok holden. Yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân waarden yn totaal sa'n 120 minsken kontrolearre. De measten fan harren koene neffens de plysje mei help fan de jûnsklokferklearringen oantoane dat se mei in goede reden op strjitte wiene.
Op Twitter meldt de plysje East-Fryslân fierders dat it 'opvallend rustig' wie op strjitte. Sneontenacht jilde de jûnsklok foar it earst. Tusken 21.00 en 04.30 oere meie minsken net sûnder jildige reden de doar út. Ek de kommende nachten sil de plysje wer ekstra oanwêzich wêze op strjitte.