Alde tiden werlibje op skip Witte Swaen en yn fernijd besikerssintrum yn Harns

24 jan 2021 - 08:41

Yn de bou fan it skip de Witte Swaen sit, nettsjinsteande dizze bysûndere tiden, dochs noch aardich gong. Njonken it skip is ek it besikerssintrum yn Harns ûnder hannen naam om mear romte te krijen foar besikers en om it ferhaal fan de skipsbou yn de havenstêd fierder út te djipjen.

Foto: Jan de Jager

De bou fan de Witte Swaen leit stil fanwege de winterstop, mar der wurdt wol drok wurke oan it nije besikerssintrum. Sa is der in nije hal makke dy't romte biedt om mear sjen te litten fan de âlde Hollânske boustyl en de skipfeart yn Harns.

Gewoanlik is it besikerssintrum iepen, mar it ôfrûne jier gong dat troch de coronakrisis wol efkes oars. It sintrum hat beheind iepen west. Der wie faak ek mar plak foar in pear besikers tagelyk, om't de romte frij krap wie.

Trochrinrûte

Om yn de takomst mear minsken ûntfange te kinnen en it hiele ferhaal te fertellen, ha de kleure wenten no in trochrinrûte krigen. Ek wurdt der boud oan in nije hal, dy't de Stichting Expeditieschip Willem Barentsz romte biedt foar gruttere objekten.

Sa is der romte foar in makette fan Harns út de 16de iuw. Dêrneist moat it besikerssintrum ek it ferhaal fan de Wite Swaen fierder fisualisearje kinne. Der binne ideeën om te wurkjen mei livebylden fan it skip ôf.

Foto: Jan de Jager

Mienskipsprojekt

It projekt fan sawol it besikerssintrum as de Witte Swaen binne echt te markearjen as in mienskipsprojekt neffens Paul Meijeraan, foarsitter fan de stichting. "De groep vrijwilligers is zo divers en rijk aan mensen, dat het de mooiste combinaties opbrengt." Ek seach Meijeraan foarhinne yn it besikerssintrum dat in protte minsken "hun steentje wilden bijdragen".

"Zo stapte er op een dag een man binnen die had gelezen over de klok die mee was aan boord. Hij wilde deze klok wel nabouwen voor ons, zelfs al kostte het project uiteindelijk twee jaar tijd. Of het verhaal van de persoon die wel een schilderij wilde uithouwen en later ook de witte zwaan voor op het achterschip heeft gemaakt. Als je ziet hoeveel werk er al in het schip zit, krijg je wel echt bewondering en waardering voor de manier waarop ze dit vroeger deden."

It skip Witte Swaen yn oanbou yn 2019 - Foto: Omrop Fryslân

Werom yn 'e tiid

Yntusken wurdt al tsien jier oan de Witte Swaen wurke. In wichtige konklúzje fan it eksperimint wie dat de boutiid goed oerienkomt mei wat eartiids gebrûklik wie. Destiids bouden sy de romp fan in seeweardich skip yn trochsneed yn net mear as fjouwer moanne.

"Wij werken met een kleiner team en veel minder aan het schip dan dat destijds werd gedaan" jout inisjatyfnimmer Gerald de Weerdt fan it projekt oan. "In de 16e eeuw werkte er een veel grotere groep mensen mee aan een schip. Ze werkten zes dagen per week en draaiden tien uren op een dag. Ons team bestaat uit zo'n 25 mensen die gemiddeld één of twee dagen meewerken aan het schip. Maar als je de werkuren vergelijkt zijn we even ver. Dat is best wel bijzonder."

Stân fan saken

Yn prinsipe leit it skip klear om út te farren. Allinne it twadde part fan de mêsten moat noch pleatst wurde en it tou moat knoopt en befêstige wurde. Dat is in grutte put dy't sa'n 4,8 km oan tou en santich katrollen telt. "Het wordt puzzelen waar de blokken en touwen precies moeten komen om ervoor te zorgen dat het schip de juiste ligging heeft in het water en de zeilen de beste stuwing kunnen krijgen. Dat is een van de essentiële onderdelen van het gehele project", seit De Weerdt.

It doel is om yn de simmer de earste testfearten te meitsjen op de Iselmar. Gean dy oefeningen goed, dan sil de Witte Swaen de Fryske havens bydel farre, fan Starum nei Makkum. Letter wolle se de rûten hieltyd fierder útwreidzje.

De wurksumheden fan de bou binne te folgjen yn de searje De Witte Swaen fan Omrop Fryslân. Moandei 25 jannewaris is diel 3 'Rûn en rjocht, de mêsten' op Omrop Fryslân telefyzje te sjen om 17.15 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)