Opnij gjin winst foar Hearrenfean: Heracles yn ekstremis te sterk

23 jan 2021 - 22:55

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn opnij net wûn. Op besite by Heracles Almelo waard mei 1-0 ferlern. It is de alfde kompetysjewedstriid op rige dy't de ploech fan Johnny Jansen net winnend ôfslute koe.

Foto: Orange Pictures

De Feansters wiene wol wer ris oan in oerwinning ta: de lêste oerwinning wie op 1 novimber, doe't Sparta mei 1-4 ferslein waard. Wol waard woansdei FC Emmen ferslein yn de beker.

Mei Benjamin Nygren werom yn de basis giene Heracles en Hearrenfean yn de begjinfaze lykop. Al nei goed 5 minuten krige Heracles in grutte kâns op de 1-0, mar Silvester van de Water skeat de bal fan in pear meter ôf neist it doel fan Erwin Mulder.

Bûtenspulgoal

Oan de oare kant soargen Veerman&Veerman troch goed tariedend wurk foar in kâns foar Tibor Halilovic. De Kroäat skeat fia de peal raak, mar dêrfoar stie Henk Veerman al bûtenspul. It spul foel dêrnei wat stil en beide teams kamen net echt ta kânsen.

Nei goed in healoerke besocht Mitchel van Bergen it noch wol ris, mar syn skot gie rjocht yn de hannen fan doelman Janis Blaswich. In skot fan Siem de Jong hie itselde resultaat. De middenfjilder rekke dêrby lykwols blessearre en moast ferfongen wurde troch Rodney Kongolo.

Net folle kânsen

De twadde helte begûn op deselde wize as de earste: beide ploegen besochten it wol wat, mar echte kânsen krigen se net. It earste gefaar kaam opnij fan Heracles, doe't Ahmed Kutucu Delano Burgzorg de djipte yn stjoere. De fleugelspits koe sjitte mar keas om de bal ôf te lizzen, dat joech Ibrahim Dresevic de kâns om de bal fuort te wurkjen.

Hearrenfean besocht yn de slotfaze fan de wedstriid noch de oerwinning oer de streek te heljen. Rami Hajal krige mei noch tsien minuten te gean in grutte kâns nei in knappe pass fan Henk Veerman, mar de Sweedske ynfaller rekke de bal hielendal ferkeard en skeat dus meters neist.

Nei't Van der Heide de bal mei noch in minút te gean ynlevere by Kutucu, koe hy de bal ôflizze of Burgzorg. De fleugeloanfaller skeat de bal yn de fiere hoeke binnen. Hearrenfean gie dêrnei noch wol yn de oanfal, mar mei noch ien minút te gean siet in lykmakker der net mear yn. Kutucu skoarde yn de ekstra tiid noch hast de 2-0, mar hy miste krekt.

Tolve wedstriden

Mei it ferlies hat Hearrenfean no alve kompetysjewedstriden op rige net wûn. De ploech fan Johnny Jansen stiet no mei 22 punten op in achtste plak. Woansdei nimme de Feansters it op tsjin Feyenoord. Dy ploech komt Hearrenfean ek yn de beker wer tsjin, sa waard sneontejûn bekend.

Heracles Almelo - sc Hearrenfean 1-0 (0-0). 89. Burgzorg 1-0.

Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Woudenberg (79/Kaib), Bochniewicz, Dresevic, Floranus; Halilovic (66/Hajal), J. Veerman, De Jong (32/ Kongolo); Van Bergen, H. Veerman, Nygren (79/Van der Heide).

(Advertinsje)
(Advertinsje)