Bûnscoach kin Stroetinga nettsjinsteande winst noch gjin WK-plak tasizze
Arjan Stroetinga wûn sneon de massa-start by de wrâldbeker op It Hearrenfean, mar dat betsjut net dat er dat ûnderdiel op it wrâldkampioenskip ôfstannen ek ride mei. Nederlân mei twa riders ôffeardigje by de manlju en by de froulju, mar neffens bûnscoach Jan Coopmans is de kar noch net makke.
Wis is wol dat Jorrit Bergsma ien fan de twa manlju is dy't oer trije wiken it WK ôfstannen rydt, alteast as er fit bliuwt. "Als Jorrit niet ziek, zwak of misselijk wordt, rijdt hij het WK", fertelt Coopmans. Bergsma is de regearjend wrâldkampioen en hat earder al ris oanjûn it leafst mei Stroetinga te riden. Dat diene de beide manlju ek al faak.
Sneon neutralisearre Bergsma ferskate oanfalspogingen fan bûtenlanners, wernei't Stroetinga it yn de sprint ôfmakke. Coopmans: "Arjan heeft een duidelijk uitroepteken erbij gezet. Maar ik ga toch volgende week de massa-start nog eens bekijken. Dan krijgt Victor Ramler met Jorrit een kans. Voor het WK stel ik de sterkste ploeg op."
Stroetinga ferwachtet dat er, lykas foarich jier yn Salt Lake City, mei Bergsma de massa-start rydt op it WK. "Yn prinsipe sit ik der net oer yn. Trainings geane goed, dus ik wist wol dat it mei de foarm wol goed sit. Ik tink net dat de bûnscoach om my hinne kin", fertelt de rider fan Wynjewâld.

Froulju
By de froulju mei Marijke Groenewoud hoopje op in WK-ticket foar de massa-start. Se helle sneon brûns by de wrâldbeker. Dêrneist sette se Irene Schouten sa goed ôf, dat dy de einsprint winne koe. Gewoanwei is Melissa Wijfje de fêste partner fan Schouten op de massa-start, mar Groenewoud hopet oanspraak te meitsjen op it startplak neist Schouten. "Ik ha my wol goed sjen litten, mar fierder is it oan de bûnscoach. Ik ha gjin idee." Coopmans is der, lykas by de manlju, ek noch net út. "Maar Marijke maakt zeker een kans, dat liet ze nu weer zien."
Takom wike stiet de massa-start wer op it programma by de twadde wrâldbeker. Bergsma rydt dan mei Ramler en Schouten mei Wijfje.
Takom wike stiet de massa-start wer op it programma by de twadde wrâldbeker. Bergsma rydt dan mei Ramler en Schouten mei Wijfje.