Aris ferslacht Almere Sailors mei lytse marzje

23 jan 2021 - 21:47

De basketballers fan Aris ha sneontejûn yn eigen hûs de Almere Sailors ferslein. De Ljouwerters hiene de hiele wedstriid in lytse foarsprong en lieten dat ek net mear rinne: 78-69.

Foto: Aris Ljouwert

Sawol Aris as de Sailors hiene oant no ta in wedstriid wûn en ien ferlern. Foar de Sailors wie dat de earste oerwinning ea, omdat de ploech dit seizoen foar it earst meidocht yn de Dutch Basketball League.

De ploegen giene yn it earste kwart lykop en einigen mei 20-19. Yn it twadde kwart koene de Ljouwerters in gatsje slaan, en se giene mei 41-34 it skoft yn. Yn it tredde kwart besocht Aris de foarsprong grutter te meitsjen, mar de Sailors koene goed bybliuwe: 56-48. Dy foarsprong waard yn it lêste part net mear ferspile en Aris wûn dus mei 78-69.

Nije wike sneon nimme de Ljouwerters it op tsjin koprinner ZZ Leiden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)