Lege strjitten, en in inkele auto: de jûnsklok soarget foar stilte yn Fryslân

Fuort nei it yngean fan de jûnsklok wies it al stil op de Nijstêd yn it sintrum fan Ljouwert. En ek op de ferskate ynfalsdiken nei Ljouwert ta wienen amper noch auto's te sjen. In inkele fytser joech krekt foar 21:00 oere oan dat er noch rap ûnderweis wie nei hûs ta. Op de Wâldwei yn de rjochting fan Drachten wie it ek útstoarn. De stilte oerhearske op sneontejûn.
By it plysjeburo op It Hearrenfean hawwe aginten in man oansprutsen dy't nei it yngean fan de jûnsklok noch bûten wie. Hy hie in boerd by him mei dêrop in protesttekst tsjin de lockdown. De man hat in warskôging krigen. Hy is dêrnei nei it sintrum fan It Hearrenfean gien.
© Kappers Media