Jûnsklok is yngien, minsken meie net mear sûnder goeie reden op 'en paad

De jûnsklok om de fierdere fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean, is sneontejûn om 21:00 oere yngien. Minsken meie net mear samar sûnder goeie reden op strjitte wêze. De jûnsklok is dizze wike mei in lytse oanpassing goedkard troch de Twadde Keamer.
© Omrop Fryslan
De jûnsklok sa't dy no jildt rint fan sneon 23 jannewaris oant yn alle gefallen woansdei 10 febrewaris. Minsken meie yn dy tiid net tusken 21:00 oere jûns en 4:30 moarns op strjitte wêze. Allinnich mei in goeie reden meie je de dyk út.

Utsûndering

It kabinet hat foar ferskate groepen minsken in útsûndering makke op de jûnsklok. Sa meie minsken dy't foar harren wurk op 'en paad moatte, gewoan op strjitte wêze. Mits se in ferklearring fan harren wurkjouwer by harren hawwe. Dat kinne bygelyks minsken wêze dy't op in melkauto ride, of meiwurkers fan in busbedriuw dy't ûnderweis nei hûs binne, nei in jûnstsjinst.
Der is ek in útsûndering makke foar needgefallen fan sawol minske as bist. Je meie dus gewoan ûnderweis nei de dokter, mocht dat nedich wêze. Ek falle hjir minsken ûnder dy't op de flecht binne foar in gefaarlike thússitewaasje.
In stik minder earnstich is de útsûndering dy't makke wurdt foar minsken mei in hûn. Sy meie dy ek nei 21:00 gewoan útlitte. Hjir hoege sy gjin eigen ferklearring foar by harren te hawwen. Wol moatte se de hûn allinnich útlitte, en net mei meardere minsken.

Boete

Sawol aginten as boa's kinne minsken kontrolearje as se bûten binne. Mochten se immen oantreffe dy't gjin jildige reden hat foar harren oanwêzigens op strjitte, dan kin der in boete fan 95 euro útdield wurde. It oertrêdzjen fan de jûnsklok is gjin misdie, en dus folget der gjin strafblêd op de boete.
Dit soe wol kinne as minsken falske papieren sjen litte, of in falske namme opjouwe.
© Omrop Fryslan

Fuort nei 21:00 oere rêst

Fuort nei it yngean fan de jûnsklok wie it al stil op de Nijstêd yn it sintrum fan Ljouwert. En ek op de ferskate ynfalsdiken nei Ljouwert ta wienen amper noch auto's te sjen. In inkelde fytser joech krekt foar 21:00 oere oan dat er noch rap ûnderweis wie nei hûs ta.
Op de Wâldwei yn de rjochting fan Drachten wie it ek útstoarn. Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie ûnderweis, en sei dat er de dyk noch nea sa rêstich sjoen hie.
© Omrop Fryslan