Fjouwer kninen dumpt op De Rottefalle: "Barbaars"

23 jan 2021 - 19:58

By de Mûntsegroppe op De Rottefalle binne freed fjouwer kninen fûn. De bisten wiene dêr nei alle gedachten dumpt yn in doaze. Ien fan de kninen wie al dea, de diere-ambulânse Súd-East Fryslân hat de oare trije opfongen.

Foto: Dierenambulance Zuid Oost Friesland, Facebook

"Barbaars", sa skriuwt de diere-ambulânse. "Het is ongehoord om dieren te dumpen en nog erger als je met dit weer huisdieren dumpt." It is net dúdlik wa't de kninen dumpt hat, de diere-ambulânse ropt minsken dy't witte fan wa't de kninen binne op om harren te melden.

Trefwurden: 
bisten De Rottefalle kninen
(Advertinsje)
(Advertinsje)