Stroetinga wint de massa-start by de wrâldbeker, Groenewoud tredde

Arjan Stroetinga hat sneon de massa-start op de wrâldbeker yn Thialf wûn. Yn de einsprint liet Stroetinga syn kwaliteiten as ôfmakker sjen troch Bart Swings foarby te sprinten. By de froulju gie de winst nei Irene Schouten, Marijke Groenewoud waard tredde.
Mei noch acht rûnen te gean hie Jorrit Bergsma it wol sjoen yn it peloton en hy gie yn de oanfal, mar hy waard al gau wer byhelle. Hy besocht dêrnei in gat op Semerikov en Silovs ticht te riden mar ek dat slagge net.
Bart Swings helle de twa wol by en tocht de winst te pakken, mar Arjan Stroetinga siet goed op te letten en sprinte de Belch yn de lêste rûne noch foarby. Livio Wenger helle Swings ek noch yn en waard twadde.

Utslach massa-start manlju

1. Arjan Stroetinga 7.18,900
2. Livio Wenger 7.19,160
3. Bart Swings 7.19,330
4. Jordan Belchos 7.19,720
5. Andrea Giovannini 7.19,810
9. Jorrit Bergsma 7.22,760
De winst by de froulju gie nei Irene Schouten, dy't mei flinke ôfstân op nûmer 2 Ivanie Blondin oer de streek kaam. Dat kaam foaral troch goed wurk fan Marijke Groenewoud, dy't in soad meters op kop ride. Groenewoud waard sels noch tredde.

Utslach massa-start froulju

1. Irene Schouten 8.34,020
2. Ivanie Blondin 8.34,460
3. Marijke Groenewoud 8.34,570
4. Elizaveta Golubeva 8.34,680
5. Francesca Lollobrigida 8.34,780