Meardere seehynderkes fûn op it strân fan It Amelân

23 jan 2021 - 17:28

Foarbygongers hawwe sneontemiddei meardere noch libjende seehynderkes fûn op it strân fan It Amelân. De diere-ambulânse hat de bisten meinaam en oerbrocht nei it natuersintrum.

Foto: Jordy van den Berg

Yn totaal binne der sneontemiddei fjouwer seehynderkes fûn op ferskate plakken op it eilân. It is net foar it earst dat der libbene seehynderkes oanspiele op it eilân. Twa wiken lyn waard der ek al sa'n bistje fûn op it strân. Dizze is oerbrocht nei it Natuurcentrum Ameland, en makket it goed, sa skriuwt de diere-ambulânse op Facebook.

De Noardsee is op dit stuit tige kâld, en it is dreech foar de bistjes om yn it kâlde wetter te oerlibjen.

Trefwurden: 
It Amelân seehynder
(Advertinsje)
(Advertinsje)