De Hoop definityf op 9 en Oosterbaan op plak 19 op PvdA-kandidatelist

23 jan 2021 - 16:54

Habtamu de Hoop fan Easterein is definityf op it 9e plak setten fan de kandidatelist fan de PvdA foar de Twadde Keamerferkiezingen. De list waard sneontemiddei fêststeld op it digitale partijkongres.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

De jonge politikus út Súdwest-Fryslân stie earst op plak tsien, mar skode in plakje op nei't beëage listlûker Asscher bekend makke dat er him weromlûke soe fanwege de affêre mei de taslach foar berne-opfang. Christa Oosterbaan fan Skylge is opskood nei it 19e plak en Bart van Bruggen, oarspronklik fan Balk en no wenjend yn Utrecht is opskood nei plak 18.

De Partij van de Arbeid stiet yn de peilingen no op ûngefear tolve sitten. Dêrmei soe De Hoop dus yn de Keamer komme, en soene Oosterbaan en Van Bruggen ôfwachtsje moatte oft foarkarstimmen, of dielname oan in nije regearing harren in sit yn de Twadde Keamer opsmyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)