Rappe Femke Kok wint wrâldbekergoud op de 500 meter

23 jan 2021 - 16:36

Femke Kok is by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf winner wurden fan de 500 meter. Se rydt 37,08 en dêrmei sit se mar seis hûndertsten boppe it baanrekôr. It twadde plak giet nei de Russyske Angelina Golikova, dy't ferline wike op it Europeesk kampioenskip sprint noch twa kear wûn fan Kok op de 500 meter. Michelle de Jong einige as sânde yn in nij persoanlik rekôr.

Trochdat de luchtdruk leech is, wurde der rappe tiden riden. Kok har 37,08 sit dus tige ticht by it baanrekôr (37,02). It is allinne krekt gjin persoanlik rekôr foar de rydster fan Team Reggeborgh. Dêrfoar moatte de sifers efter de komma besjoen wurde. Har PR stiet op 37,081, wylst se sneon 37,089 ried. Golikova kaam yn Thialf net fierder as 37,30, wat har it twadde plak brocht. Heather McLean einiget as tredde.

Michelle de Jong fan Rottum waard úteinlik sânde op de 500 meter.

Foto: orange-pictures.nl

Utslach 500 meter froulju

1. Femke Kok 37,08
2. Angelina Golikova 37,30
3. Heather Mclean 37,36
4. Olga Fatkulina 37,37
5. Vanessa Herzog 37,42
6. Jutta Leerdam 37,50
7. Michelle de Jong 37,79 (PR)
(Advertinsje)
(Advertinsje)