Suzanne Schulting pakt ek op 500 meter de Europeeske titel, Itzhak de Laat tredde

23 jan 2021 - 16:06

Suzanne Schulting hat sneon de 500 meter wûn op it EK shorttrack yn it Poalske Gdansk. Earder op de dei pakte sy al de winst op de 1.500 meter. By de manlju gie de winst nei Konstantin Ivliev, Itzhak de Laat waard tredde.

Suzanne Schulting nei twadde dei EK Shorttrack

Nei in falske start en in falpartij fan Natalia Maliszewska, dy't der ek foar soarge dat Martina Valcepina diskwalifisearre waard, koe de finale dochs echt fan start. Schulting gie fuort op kop en stie dat plak de hiele rit net mear ôf. Maliszewska waard twadde, folge troch Xandra Velzeboer.

Schulting giet troch de winst mei ôfstân oan kop fan it allround-klassemint, folge troch Maliszewska.

It klassemint nei sneon

Namme Punten
1. Suzanne Schulting 68
2. Martina Maliszewska 23
3. Anna Seidel 21
4. Sofia Prosvirnova 16
5. Xandra Velzeboer 16

By de manlju kaam Itzhak de Laat as twadde de earste bocht yn. De Ljouwerter waard dêrnei noch ynhelle troch Italiaan Pietro Sighel. De winst gie nei Konstantin Ivliev. Sjinkie Knegt helle de A-finale net en waard yn de B-finale fiifde en dêrmei lêste.

De Laat stiet mei 21 punten op it fjirde plak yn it klassemint. Knegt helle oant no ta 13 punten pakt en stiet dêrmei sechde.

It klassemint nei sneon

Namme Punten
1. Semen Elistratov 34
2. Konstantin Ivliev 34
3. Denis Ayrapetyan 22
4. Itzhak de Laat 21
5. Pietro Sighel 21
6. Sjinkie Knegt 13

Snein giet it EK shorttrack troch mei de 1000 meter en de finales fan de ploege-efterfolging. Sawol de frouljesploech (mei Schulting en Rianne de Vries) as de manljusploech (mei De Laat en Knegt) ha dy finale helle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)