RIVM: 169 nije coronagefallen fêststeld, flink minder as freed

23 jan 2021 - 15:33

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 169 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 65 minder as freed, doe gie it om 234 besmettingen. It gemiddelde tal besmettingen dat de ôfrûne wike meld wurd, is 170 deis.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeenten Ljouwert en Achtkarspelen, beide mei 26.

Sân stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fiif stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan Waadhoeke (3) en Ljouwert (2).

Der binne trije Friezen it sikehûs yn rekke fanwege it coronafirus de ôfrûne dei.

Lanlik boppe trochsneed

Yn hiel Nederlân binne freed 5.487 meld, dat is krekt wat mear as it trochsneed fan de ôfrûne wike.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)