Literêr boek fan Jack de Boer mei essays oer ûnderwiis goed ûntfongen

23 jan 2021 - 15:20

It boek De gelukkigste klas fan Jack de Boer út Frjentsjer is útjûn by útjouwerij van Oorschot, in útjouwer fan literêre boeken. En dat is krekt wat de Boer wol: in literêre skriuwer wêze. It boek beskôget er dan ek as syn earste boek, hoewol't er al mear skreaun hat.

Jack de Boer - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Jack de Boer is 53 jier en learkrêft op De Bolder yn Frjentsjer, in skoalle foar spesjaal ûnderwiis. Yn syn boek De gelukkigste klas brûkt er de ûnderfining dy't er hat. It boek beskriuwt in fiktive skoalklasse en is beskreaun út de learkrêft wei, De Boer sels. "It is semy-autobiografysk. De personaazjes yn de klasse binne betocht en konstruearre oan de hân fan al dy learlingen dy't ik yn dy jierren yn 'e klasse hân ha. De ik-figuer bin ik sels. Dat is it autobiografyske part."

De skriuwer gie yn Burgum nei de basisskoalle. De skoalle hiet De Oerstek en dat is krekt wat De Boer no wol as learkrêft: bern nei de oare kant fan it skoaljier begeliede. Sels hie er op De Oerstek master Van Dalfsen, in master dy't him gelokkich makke en dêr't er by opseach. Sokke rolmodellen binne wichtich foar bern tinkt de Boer. "Yn myn boek neam ik se 'influisteraars' of 'influencers' sa't it tsjintwurdich hjit."

Tolve essays

De gelukkigste klas bestiet út tolve essays. Jack de Boer reflektearret op kwestjes as: 'Hoe soargje ik derfoar dat in bern nei my harket?', 'Wêr lizze de grinzen fan myn macht?' en 'Wat hat it foar sin om de bern hieltyd wer te toetsen?'

"It begjint altyd mei in fermoeden", seit De Boer as him frege wurdt nei hoe't er skriuwt. "En dat fermoeden ûndersykje ik. Ik stel fragen, sykje antwurden en filosofearje. Dêrmei brûk ik wat der yn myn eigen holle sit en ek wat grutte tinkers, keunstners en skriuwers deroer sizze. Yn njoggen fan de tsien gefallen rin ik op in dea spoar en soms slagget it om der in goed ferhaal fan te meitsjen. Mar ik wit dus yn 't foar net wêr't ik útkomme sil."

Dy syktocht, dy't ik skriuwendewei meitsje, dêr giet it om. Dat fyn ik in moaie wize fan skriuwen.

Jack de Boer

As er him bygelyks ôffreget wa't eins de baas is oer in bern, fertelt er oer learling Georgio dy't op skoalle in oar bern slein hat. Jûns giet Jack nei him ta op húsbesite. Dêr seit Georgio dat syn heit sein hie dat er slaan mocht. "En dan freegje ik mysels al skriuwend ôf oft de heit safolle autoriteit hat oer syn soan dat er dat sizze mei." It bringt him by de Russyske skriuwer Dostojevski en heechlearaar klinyske psychology en psycho-analyze Paul Verhaeghe. "Dat hie ik fan tefoaren nea betinke kinnen. En dy syktocht, dy't ik skriuwendewei meitsje, dêr giet it om. Dat fyn ik in moaie wize fan skriuwen."

Gjin didaktysk hânboek

It is hiel bewust dat Jack de Boer in literêr boek skreaun hat en net in boek mei anekdoatyske ferhalen fan wat er meimakket yn de klasse. "Dat fyn ik net breed genôch. Ik skriuw net foar it grutte publyk of foar de ferkeapsifers." Dochs hopet er wol dat in soad minsken it boek lêze sille en hy tinkt ek dat learkrêften, âlden en elkenien dy't op skoalle sitten hat der wat oan hawwe kin. "Mar it is gjin didaktysk of pedagogysk hânboek", warskôget er.

It folgjende boek fan Jack de Boer sit al heal en heal yn syn holle. Hy wol noch net in soad priisjaan oer de ynhâld, mar dat it wer oer it ûnderwiis giet, stiet wol fêst. "In skoalle is de maatskippij yn it lyts. Dêr sitte sa'n soad kanten oan dat dêr noch in hiel soad oer te skriuwen is. Ik tink dat al myn boeken oer it ûnderwiis gean sille en ik hoopje dat der nei ferrin fan tiid in kaleidoskopyske kaart leit fan ferhalen. En dat dy ferhalen in goed byld jouwe fan it jaan fan ûnderwiis yn dit tiidrek."

Yn ús radioprogramma Buro de Vries fan 24 jannewaris is in interview te hearren mei Jack de Boer oer syn boek De gelukkigste klas. Buro de Vries is fan 11.00 oant 13.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)