Wüst en De Jong pakke wrâldbekermedalje op de 1.500 meter

23 jan 2021 - 14:52

Ireen Wüst en Antoinette de Jong hawwe by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf in medalje pakt op de 1.500 meter. Beide Fryske froulju kamen net oan de tiid fan Brittany Bowe. De Amerikaanse ried 1.53,88 en dat is genôch foar de oerwinning. Dy tiid is de fjirde tiid ea riden yn Thialf op dizze ôfstân.

Yn de ien-nei-lêste rit ried Ireen Wüst tsjin Melissa Wijfje. Dêrfoar hie Brittany Bowe al riden en dus wist Wüst hokker tiid se ride moast. It slagge net: se moast hast sân tsienden tajaan op de tiid fan Bowe en finishe yn 1.54,57. De Jong kaam yn de lêste rit ek net oan dy beide tiden, mar har 1.54,71 wie wol genôch foar it brûns. De Jong wie tolve hûndertsten rapper as ferline wike op it EK allround op de 1.500 meter.

De oare Nederlânske froulju, Jorien ter Mors en Irene Schouten, einigen as fiifde en sechde. Schouten ried wol in persoanlik rekôr.

Foto: Orange Pictures

Utslach 1.500 meter froulju

1. Brittany Bowe (FS) 1.53,88
2. Ireen Wüst (NED) 1.54,57
3. Antoinette de Jong (NED) 1.54,71
4. Evgeniia Lalenkova (RUS) 1.54,86
5. Jorien ter Mors (NED) 1.54,97
6. Irene Schouten (NED) 1.54,98
(Advertinsje)
(Advertinsje)