Suzanne Schulting pakt Europeeske titel op 1.500 meter, brûns foar Knegt

23 jan 2021 - 14:05

Suzanne Schulting fan It Hearrenfean hat sneontemiddei by it shorttrack yn Poalen har Europeeske titel op de 1.500 meter prolongearre. By de manlju pakte Sjinkie Knegt fan Bantegea in brûnzen medalje. Itzhak de Laat fan Ljouwert waard fjirde.

Foto: Orange Pictures

Nei trijekwart fan de race pakte Schulting in gat fan fiif meter mei de konkurrinten. Dy koene har dêrnei net mear byhelje. It sulver wie foar de Dútske Anna Seidel. Sofia Prosvirnova út Ruslân pakte it brûns.

De bêste rider oer alle ôfstannen wint de Europeeske allroundtitel. Op dit stuit stiet Schulting dus boppe-oan yn dat klassemint. Ferline jier wûn Schulting alle ôfstannen op it EK.

It kommentaar fan sportferslachjouwer Roelof de Vries by de race fan Schulting

Brûns foar Knegt

Knegt, dy't foar it earst sûnt syn ûngelok mei in houtkachel wer in grut kampioenskip ried, hie him op it nipperke foar de finale pleatst. Hy gie as 'tijdsnelste' troch.

Yn de finale koe de Fries him revansearje. De Russen Semen Elistratov en Denis Ayrapetyan wiene lykwols te fluch. Knegt pakte wol it brûns. De Laat einige as fjirde krekt bûten de prizen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)