Cambuur Sjoernaal: SC Cambuur walst oer Jong PSV hinne

23 jan 2021 - 14:00

Cambuur hat de tried fan it winnen fan wedstriden wer oppakt. Nei ferlies tsjin Volendam en in lykspul tsjin NEC wienen de Ljouwerters freed mei 5-1 te sterk foar Jong PSV. It waard wer in âlderwetske Cambuur-jûn mei in protte goals. Robert Mühren makke syn status as topskoarer wier mei twa goals en Jamie Jacobs wie ek twa kear suksesfol. It lêste doelpunt kaam op namme fan Jarchinio Antonia en dat makke nochal wat emoasjes los by de Cambuur-oanfaller. It Cambuur Sjoernaal sjocht wiidweidich werom op Cambuur-Jong PSV.

Cambuur Sjoernaal

(Advertinsje)
(Advertinsje)