Fryske húsdokters faksinearre tsjin coronafirus: "We voelen ons veiliger"

23 jan 2021 - 13:22

Sawat fjouwerhûndert Fryske húsdokters wurde sneon faksinearre yn it MCL yn Ljouwert. Dat binne se hast allegear. It is in grutte logistike operaasje foar it sikehûs. As ien fan de earsten wie de âld-foarsitter fan de Fryske húsdoktersferiening, Bart Maats, oan bar.

Alle Fryske húsdokters krije faksinaasje

Sûnt njoggen oere komme de húsdokters ien foar ien oan by it sikehûs, by de yngong fan Revalidatie Fryslân. Der is in strak skema om sa folle mooglik op ien dei faksinearje te kinnen. Ien fan harren is Bart Maats fan De Gordyk. Yn maart makke de húsdokter fideodeiboeken foar Omrop Fryslân en bliek er sels corona te ha. Hy is bliid dat de faksinaasjereewilligens ûnder de húsdokters grut is.

"We hebben natuurlijk uitgekeken naar het moment dat de vaccinaties in Nederland konden beginnen. We zijn blij, als huisartsen, dat we ook snel gevaccineerd kunnen worden", seit Maats. "We voelen ons veiliger."

Húsdokter Bart Maats

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Begjin dizze wike waard dúdlik dat de húsdokters earder it faksin krije koene as earder tocht. It hat te krijen mei de opkomst fan de Britske fariant fan it coronafirus. Neffens de foarsitter fan de Fryske LHV-ôfdieling, Karin Groeneveld, is it tige wichtich dat de húsdokters gau it faksin krije, omdat se in grutte rol ha yn de COVID-soarch.

De húsdokters yn Fryslân riede har no ta op it faksinearjen fan 90-plussers. Dat sil takom wike úteinsette.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)