Undersyk fûgelbeskerming: Waadfûgels by De Westhoek wurde faak fersteurd

23 jan 2021 - 11:19

Undersikers ha 160 oeren lang sjoen oft en hoe't fûgels op it Waad by heech wetter steurd wurde. Utkomst: alle oeren wie it wolris raak by De Westhoek. It ûndersyk is dien yn opdracht fan de Vogelbescherming Nederland. Dit soarte fan ûndersiken kin yn de takomst hiel wichtich wêze foar it oanlizzen fan fyts- of kuierpaden oan de Fryske Waadkust.

Waadfûgels by De Westhoek wurde faak fersteurd

De kwelder by De Westhoek is in plak dêr't in soad fûgels komme by heech wetter, wêrûnder in soad bûnte wilsters en wylpen. De wilsters kinne folle better oer minsken dy't tichteby komme as bygelyks de wylpen en bercheinen, sa docht bliken.

In kwart fan alle fersteuringen komt troch minsken dy't de Waadrâne opsykje. Natuerbehearder It Fryske Gea freget de besikers oan it gebiet woansdei en tongersdei online om goede ideeën om der wat oan te dwaan. Minsken kinne harren dêrfoar noch oanmelde. Rûchwei in fjirde fan alle fersteuringen komt troch rôffûgels, mar foar it grutste part giet it om fersteuringen wêrfan't net alhiel dúdlik is wêrom't de fûgels opfleane.

Ynformaasjebuorden

By De Westhoek steane by in parkearplak lâns de dyk ynformaasjebuorden dy't dúdlik meitsje dat it net winske is dat minsken by heech wetter de râne fan de kwelder opsykje. It Fryske Gea wol der net in ferbean gebiet fan meitsje, want by leech wetter kinne minsken der prima genietsje fan it Waad sûnder dat sy fûgels te folle yn it paad sitte.

It útskriuwen fan boeten oan minsken dy't wol fûgels fersteure is net te dwaan, omdat der dêrfoar hiele hege drompels yn de jildende Natuerbeskermingswet sitte. Je moatte bewize dat minsken it mei opsetsin dogge of dat in hiele fûgelpopulaasje troffen wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea

(Advertinsje)
(Advertinsje)