Omrop TIP: Fiergesichten yn 'De berchrede fan it flakke lân'

It Fryske skaadfraksjelid yn it Europeesk Parlemint Anja Haga (CU) waard yn de maitiid fan 2020 troffen troch it coronafirus. Dochs skriuwt ek sy mei oan 'De berchrede fan it flakke lân', in searje fan Fryslân DOK oer de wrâld nei de coronakrisis. Filosoof Jabik Veenbaas is de twadde skriuwer fan dizze ôflevering, it slot fan de searje. Hy hellet syn ynspiraasje út de perioade fan De Ferljochting.
It lân sit noch hieltyd djip yn de lockdown, as gefolch fan de coronakrisis. Dêrom stjoert Omrop Fryslân de 'berchrede'-searje fan Fryslân DOK nochris út. Dizze wike filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga (ChristenUnie). Bart Kingma ynterviewt de skriuwers, it kamerawurk is fan Jan Bensliman en Theo Ligthart. Neist de telefyzjedokumintêres bringt Fryslân DOK de berchrede ek as podcast yn 'Ferhalen fan it Flakke Lân'. De essays fan de skriuwers binne publisearre troch kultureel tydskrift De Moanne.

Jabik Veenbaas

It essay fan filosoof Jabik Veenbaas giet werom nei de Ferljochting yn de 18e iuw, de kreamkeamer fan de moderne westerske kultuer. In kultuer dy't foarspoed en frijheid brocht, mar ek problemen. De oplossingen fan dy problemen binne ek wer yn de Ferljochting te finen, mient Veenbaas.

Anja Haga

As skaadfraksjelid yn it Europeesk Parlemint foar de ChristenUnie wurket Anja Haga fan Dokkum mei hert en siel oan in duorsumere maatskippij. Mei de presintaasje fan de New Green Deal yn de Europeeske Kommisje kaam dat ideaal tichterby. Mar doe fersprate it coronafirus him oer it kontinint, en trof ek Anja Haga.
Fryslân DOK: De berchrede fan it flakke lân, part 4 - Jabik Veenbaas en Anja Haga