Kollum: "Arno Brok syn Mienskip"

23 jan 2021 - 09:02

"Tongersdei stie op de app fan de Omrop it nijs dat de Provinsje Fryslân demokratysk fernije wol en harren boargers mear ynspraak jaan wol. Ien en oar soe foar in part troch in nij digitaal platfoarm kinne, mar ek in saneamde Senaat fan Fryslân is in opsje. Yn dy Senaat soenen boargers harren in kear as wat yn it jier útsprekke kinne oer tema's dy't aktueel binne.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Noch in opmerklik ûnderdiel is it boargerbudzjet, de Friezen soenen dan foar in part sels bepale meie wêr't it provinsjale jild hinne giet. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat der in funksje by yn dit gehiel, hy is prosesbegelieder. Hy stelde dat ien en oar yn gearwurking moatte soe mei de gemeenten en mei it Wetterskip. Dizze oerheden soenen neffens Brok mear as ien oerheid funksjonearje kinne. Of miskien wol moatte.

No wit ik dat der by de folgjende opmerking immen by it Wetterskip al wer hast út it fel springt, want fansels hat Brok gelyk. It Wetterskip hie al lang net mear bestean moatten, mar folweardich ûnderdiel fan de provinsje wêze moatten. Dat soe in soad jild en in oerstallige bestjoerslaach besparje. Dat jildt foar alle wetterskippen yn Nederlân. Mar klear, ea sil dat wolris barre as de geasten der ryp foar binne en de polityk sjocht dat sa'n model folle effisjinter is. In deputearre dy't de dykgraaf ferfangt liket my net al te dreech om te betinken.

Wêr't it my no foaral om giet is dy Senaat fan Fryslân. As ditsoarte plannen nei bûten komme, witte jo as jo al sa âld as ik binne dat daalks yn bepaalde rûnten de alarmbellen snoeihurd rinkeljen gean. 'Jonges en famkes: der is ynspraak en jild te ferdielen!' Ja, as Brok syn idee der troch komme soe. Ik haw it wolris earder oer 'It Fryske Wrâldsje' hân, mar dat gie inkeld oer literatuer. By de presintaasje fan dizze plannen sille de al besteande Samsung en iPhone app-groepkes fan minsken dy't dêr wol wat yn sjogge grif oeroeren draaie. Hoe reëel binne dy plannen, hoe komme wy yn kontakt mei de persoan dy't dêr wat oer te sizzen hat en hoe massearje wy dyselde sa dat wy der eins al yn sitte foardat de plannen überhaubt ta beoardieling dellein binne?

As ik útgean fan de goede bedoeling fan de kommissaris, en dat doch ik, is dit boppesteande senario no krekt wat de plannemakkers foarkomme moatte. Want al dy groepkes en belangeklupkes binne al lang yn byld by de ynstânsjes. Dy witte yn de regel de wei nei de fleispotten fan Egypte better te finen as in wolf dy't in gat yn in Frysk stek siket. As Brok him echt ûnderskiede wol as prosesbegelieder, en dy kâns hat er no, leit er al dy sollisitaasjebrieven mei de bekende logo's njonken him del. Of better, hy mitert se yn in djip laad en docht dat op slot.

Ik wit net hoefolle minsken kommissaris Brok yn de Senaat fan Fryslân tocht hie, mar ik ha wol wat kandidaten: in random Stellingwerver, in fiskboer, in allinnichsteande mem mei trije bern en in bystânsútkearing, in frachtweinsjauffeur, immen út Fryslân dy't de tiidwurden yn de goede folchoarder seit, in betelle meiwurker dy't de wc's by in drugsfestival yn de Griene Stjer skjinmakket, in ynwenster fan de Veilige Veste (miskien is in tolk dan ek daalks in opsje), in bargeboer dy't neist in Natura 2000 gebiet buorket, in noch net útbluste sjoernalist fan boppe de 60 jier, in Iraniër of Turk dy't yn alle stilte oeral Fryske glêsfezel oanleit, in eilanner dy't net fan Skylge, Flylân of It Amelân komt en as lêste opsje soe ik in eks foarsitter fan in karnavalsferiening oanriede. Foar de sfear. En miskien noch in fierljepper, mar dan wol ien dy't noch nea in priis wûn hat.

Kom op, achte Arno. Gean der foar. Set de Mienskip op 1. Mar dan dizze kear wol de trochsneed en net foar de safolste kear de elite."

(Advertinsje)
(Advertinsje)