Jildsoargen Fryske tsjerken falle ta, leden ek yn coronatiid ree om beurs te lûken

23 jan 2021 - 08:13

De Fryske klassis makket har gjin grutte soargen oer de finânsjes fan de tsjerken yn ús provinsje. Tsjerkeleden binne ek yn coronatiid ree om de beurs te lûken. Wol is dúdlik dat de tsjerkegongers gearkomsten misse, foaral it mei-inoar sjongen. Dat seit klassisdûmny Wim Beekman fan Koudum yn in taljochting op de útkomsten fan in ûndersyk fan Actie Kerkbalans nei hoe't it der mei de tsjerken foarstiet yn coronatiid. De goede doelen krije neffens Beekman noch genôch stipe, mar guon tsjerken ha wol te lijen fan de coronakrisis.

Klassisdûmny Wim Beekman fan Koudum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

"De kerken die in de problemen komen zijn de kerken die bijvoorbeeld hun gebouw verhuren als dorpshuis of kerken die evenementen houden", seit Beekman. "Ik had deze week nog contact met de kerk op Terschelling, zij doen heel veel evenementen. Maar ze zeggen: nu is ons kerkgebouw al tien maanden gesloten. De kosten gaan door en we krijgen geen inkomsten meer. We weten eigenlijk niet hoe we het moeten redden. En daar kan ik me alles bij voorstellen."

Beekman hat der alle betrouwen yn dat der genôch jild binnen komme sil foar Actie Kerkbalans. "De normale wekelijkse kerkcollecte is lastiger, want mensen kunnen alleen betalen door het over te maken of het via een app te doen. Dat is natuurlijk wat anders dan het in de 'pong' doen. Maar voor de Actie Kerkbalans zal het niet uitmaken." De ynsamlingsaksje wurdt alle jierren hâlden en is bedoeld om de tsjerken yn it hiele lân finansjeel te stypjen. Dit jier wurdt de aksje hâlden tusken 16 en 30 jannewaris.

Wurdearring

Ut in ûndersyk ûnder 2.000 tsjerkeleden docht bliken dat 45 persint fan harren it sjongen it meast mist no't se net nei tsjerke kinne. Ek it byinoar kommen wurdt in soad mist, lykas it moetsjen fan oare tsjerkegongers en it kopke kofje nei ôfrin. De wurdearring foar de tsjerke is yn coronatiid net weromrûn.

Mear livestreamsjoggers as tsjerkegongers

In soad leden sjogge de tsjerketsjinst no fia in livestream of op telefyzje. It docht sels bliken dat mear minsken de tsjinsten no fia in stream folgje as dat der gewoanwei nei tsjerke geane. Op telefyzje binne de tsjinsten dy't Omrop Fryslân útstjoert tige polulêr. "Van elke gemeente hoor ik: als wij het aantal kerkgangers dat we ontvingen in de dienst voor coronatijd vergelijken met het aantal kijkers van de streams, dan gaat het om veel meer", seit Beekman.

"Wij hebben z'n 230 Friese gemeenten en er zijn meer dan 50.000 mensen die naar Omrop Fryslân kijken. Stel dat er gemiddeld 30 in een kerk zitten, dan zijn er al meer tv-kerkgangers." Neffens Beekman binne dy tsjinsten benammen foar âldere minsken dy't dochs al net goed nei tsjerke kinne in grutte treast. Hy hopet dan ek dat dizze tsjinsten ek yn de takomst bliuwe sille.

Klassisdûmny Wim Beekman fan Koudum

(Advertinsje)
(Advertinsje)