Stellinghaven is opknapt

Ferpleechhûs Stellinghaven yn Appelskea is foar 2,4 miljoen euro ferboud. Stellinghaven sit yn it eardere sanatoarium Beatrixoord. Der wurde deminte âlderen fersoarge en der is no ek opfang oan somatyske pasjinten. Dat binne âlderen dy't troch lichaamlike klachten oanwiisd binne op permaninte helpferliening. It nije tehûs hat tal fan moderne snufkes yn de soarchsektor. Yn in neimakke treinkûpee kinne bewenners in reis belibje. Neffens saakkundigen is dat in psychologysk wichtich rêstpunt foar deminte bewenners.
Achter Stellinghaven, dat midden yn de bosken fan Appelskea leit, is boppedat foar goed 200.000 euro in nije tún oanlein, dy't de natuer tichterby de pasjinten bringe moat. In lytse 50 pasjinten kinne yn Stellinghaven ferbliuwe.