Jarchinio Antonia emosjoneel nei swiere wike: "Ik kon het niet in bedwang houden"

It wie miskien in goal foar de statistiken, de 5-1 fan Jarchinio Antonia tsjin Jong PSV, mar it die de Cambuurspiler in soad. Hy hat in swiere perioade efter de rêch. "Ik heb deze week een aantal overlijdens achter elkaar meegemaakt van naasten", fertelt er. "Ik dacht dat ik er best sterk in stond, maar het heeft me wel erg geraakt."
Jarchinio Antonia
Dat kaam der nei de goal allegear út. "Ik kon het na de goal niet in bedwang houden. Nu ik erover praat, voel ik het ook."
Net spylje wie gjin opsje foar de fleugeloanfaller. "De afgelopen dagen voelde ik me wel verdrietig, maar ik heb niet gehuild. Ik kon me sterk houden. Tot dit moment. Dan merk je wat voor impact het heeft gehad."

Klappen as spiler en as mins

En it is mear as allinnich de priveesituaasje. Antonia spile de ôfrûne tiid net in soad. "Het zijn klappen die je krijgt als speler en daarnaast als mens. Dat alles bij elkaar bracht deze emoties naar buiten."
Ik vind dat ik hier nog niet klaar ben. We moeten bij elkaar blijven.
Jarchinio Antonia hie nei Japan kind, mar bleau by Cambuur
Antonia hie fan it winter de oerstap meitsje kind nei in klup út Japan. "Ik geloof dat de clubs er ook al uit waren met de transfersom", fertelt er. "Ik stond er wel voor open, omdat ik wilde spelen." Mar ien ding hold him tsjin: "Ik ben hier gekomen met een doel: kampioen worden. Vorig jaar zijn we wel eerste geworden, maar niet gepromoveerd. Dat was een belangrijke reden om hier te blijven. Ik vind dat ik hier nog niet klaar ben. We moeten bij elkaar blijven."

Trainer gunt it Antonia

Henk de Jong liet Antonia freed tsjin Jong PSV healwei de twadde helte ynfalle. "Ik ha mei him praat, want earst moat it út it kopke wei. Ik frege: 'heb je er zin aan?' En hy sei 'ja trainer'. Dus doe kaam er deryn en dat die er fantastysk. Dat gunne we 'm ek allegear, ik foarop."
Henk de Jong oer Antonia en de winst op Jong PSV
Dy gunfaktor komt ûnder oare trochdat Antonia serieus mei it spultsje dwaande is. "Foarige wike spile er net goed. Dan kaam er nei de tiid wol by my: trainer, dan kin ik wol in helte meidwaan mei de beloften. Dat fyn ik moaie dingen."

"It seach der wer goed út"

De goal fan Antonia wie it lêste hichtepunt yn in oantreklike wedstriid tusken Cambuur en Jong PSV. De Eindhovenaren kamen nei in pear minuten op foarsprong. "Mar we reitsje net yn de war fan in achterstandsje. We spylje fier fan de goal en we binne net de alderrapsten, dus dan kin er der ris yngean. Mar it wie in leuke wedstriid. Dan is it skande dat der net 9.500 minsken yn it stadion sitte. It wie sa no en dan echt genietsjen. Dit seach der wol wer goed út."