Nij Harmoniekertier:19 miljoen
De plannen foar it Harmoniekertier yn Ljouwert moatte 19 miljoen euro kostje. It gebiet is fertutearze en moat it keunst- en kultuergebiet fan de stêd wurde. Poppoadia Romein en Asteriks en de popoplieding fan it Friesland College moatte der komme. Der is noch in gat fan 140.000 euro yn de eksploitaasje fan Romein. De bedoeling is dat dizze ynstelling dit sels werom fertsjinnet yn 3 jier tiid. De gemeenteried fan Ljouwert moat nei de simmer in beslút nimme oer de plannen foar it Harmoniekertier. It plan moat yn 2015 realisearre wêze.
It monumintale Haniahôf, dat yn it gebiet tusken stedsskouboarch De Harmonie en de Nijstêd leit, moat opknapt wurde. De keunstners dy't yn it gebiet wenje en wurkje meie yn it Harmoniekertier bliuwe. Ek de Oude Doelesteeg en de Oude Lombardsteeg wurde oanpakt.