Cambuur wint nei efterstân riant fan Jong PSV

22 jan 2021 - 20:35

Nei twa kear puntferlies op rige hat Sportklup Cambuur freed yn eigen hûs ôfrekkene mei Jong PSV. De talinten út Eindhoven kamen noch wol op foarsprong, mar noch foar it skoft hie de ploech fan Henk de Jong dat al rjochtset. Uteinlik wûnen de Ljouwerters mei 5-1.

Foto: Orange Pictures

De earste grutte kâns wie foar Cambuur: de maklik skoarende middenfjilder Jamie Jacobs skeat de bal krekt njonken, nei in foarset fan Michael Breij, dy't wer ris in basisplak hie. In minút letter wie it raak oan de oare kant fan it fjild. Jeremy Antonisse stie krekt gjin bûtenspul en skeat de bal, fia de peal, hurd efter Sonny Stevens.

Maulun skoart net, mar is wol belangryk

De Ljouwerters moasten yn de efterfolging en diene dat mei sukses. Jacobs skeat raak nei in fraaie assist fan Robin Maulun. De Frânsman hie dêrnei Cambuur op foarsprong sette kind, mar miste yn kânsrike posysje. Hy joech in pear minuten foar it skoft wol wer in fraaie assist, diskear op Robert Mühren: 2-1. Flak dêrnei stie Maulun ek oan de basis fan de 3-1. Hy sette foar op Jacobs, dy lei de bal klear mei de holle en Mühren skeat hurd syn twadde goal tsjin de touwen. Dat wie syn 21e fan it seizoen.

Jong PSV koe fuotbaljend aardich meikomme mei de Ljouwerters, mar de Eindhovenaren benutten de kânsen net. Cambuur die dat wol. Jacobs makke syn twadde fan de jûn, diskear op oanjaan fan linksback David Sambissa. Jarchinio Antonia fleure syn ynfalbeurt dêrnei op mei in treffer.

Cambuur oan kop

Troch de oerwinning bliuwt Cambuur oan kop fan de earste difyzje. De Ljouwerters ha 50 punten út 21 wedstriden. Almere City hat likefolle punten, mar in minder doelsaldo. De Graafschap folget mei 41 út 20, sy spylje snein út tsjin FC Volendam.

SC Cambuur - Jong PSV 5-1 (3-1) 5. Jeremy Antonisse 0-1, 21. Jamie Jacobs 1-1, 40. Robert Mühren 2-1, 44. Robert Mühren 3-1, 58. Jamie Jacobs 4-1, 72. Jarchinio Antonia 5-1

Opstelling SC Cambuur: Sonny Stevens; Doke Schmidt, Calvin Mac-Intosch, Erik Schouten (68/Erik Schouten), David Sambissa (79/Alex Bangura); Jamie Jacobs, Mees Hoedemakers, Robin Maulun (80/Jasper ter Heide); Michael Breij (68/Jarchinio Antonia), Robert Mühren, Issa Kallon

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(Advertinsje)
(Advertinsje)