FVC wol net ferhûzje nei Ljouwerter wyk Middelsee: "Net nei de perifery"

22 jan 2021 - 20:19

Fuotbalklup FVC út Ljouwert wol net ferhûzje nei de nije wyk Middelsee yn de stêd. Dat wie it foarstel fan de gemeente, mar leden en frijwilligers fan de fuotbalklup sjogge dat net sitten. "De takomst fan de klup stie dêrmei op it spul", seit foarsitter Atte Haagsma. FVC bliuwt dêrom foarearst op sportkompleks Wiarda.

It haadfjild fan FVC op Wiarda - Foto: Orange Pictures

De klup hat oan de boargemaster en wethâlders witte litten dat se it oerlis oer in nije lokaasje stil lizze. "We binne al in pear jier mei de gemeente oan it praten", seit Haagsma. "It is gjin ûnderhanneling, safier is it noait kaam. We wisten allinnich dat de gemeente as foarstel in plak tusken it Lânboumuseum en de McDonald's hie."

Dêr stie FVC net negatyf yn. "Mar it waard hieltyd minder. It tal fjilden gong fan seis nei fjouwer. Dêrnei nei trije en úteinlik nei twa. Dêrmei sakje je fier troch de ûndergrins", neffens Haagsma. "En in pear moanne lyn sei de gemeente 'doodleuk' dat se in oar plak hienen foar ús, sawat in kilometer fierderop. Dan wurde je net serieus naam."

Foarsteld plak is te fier fuort

It probleem mei it plak dat de gemeente no foarstelt is dat it te fier fuort is, fynt Haagsma. "We ha oait ris op de Himrik sitten. Mar sa komme je wat oan de perifery fan Ljouwert. Dêr wolle we net hinne. We wolle in sosjaal maatskiplike rol oppakke yn de wyk, mar dêr wurdt neat mei dien."

De bal leit no by de gemeente, wat Haagsma oanbelanget. "We moatte mei-elkoar sjen nei oare senario's. Yn 2018 hienen we it mei ús allen oer in geweldige mienskip, mar dit hat mei mienskip neat te krijen. We binne net teloarsteld, mar der moat wol wat oplost wurde."

Foarsitter Atte Haagsma fan FVC oer wêrom't syn klup foarearst op Wiarda bliuwt

(Advertinsje)
(Advertinsje)