Gemeente Hearrenfean ûndersiket flaters by weromfoarderjen bystân

22 jan 2021 - 20:13

De gemeente Hearrenfean wol ûndersykje oft it by it weromfoarderjen fan bystân faker misgien is. Dat docht de gemeente nei oanlieding fan in saak fan in frou dy't 14.000 euro oan bystân werombetelje moast oan de gemeente.

Ferantwurdlik wethâlder Rinkes oer de kwestje yn It Polytburo:

De kommisje beswierskriften stelde dat de gemeente "onzorgvuldig en nalatig" hannele hat, en de werombetelling gie dan ek net troch. Dat skreaunen de LC en it Frysk Deiblêd freed.

Lilkens oer net iepenbier meitsjen rapport

Mooglik ha der mear fan ditsoarte gefallen west, wêrby't minsken "onheus" bejegene binne, sa seit ferantwurdlik wethâlder Hedwich Rinkes fan de gemeente Hearrenfean. Nije wike is der yn de gemeenteried in ekstra debat.

Yn de ried is ek in protte lilkens oer it feit dat de wethâlder it krityske rapport fan de kommisje beswierskriften net earder iepenbier makke hat. It rapport is al hast twa jier âld.

Wethâlder Rinkes seit no earst it ûndersyk ôf te wachtsjen foardat se foar harsels politike konsekwinsjes lûkt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)