Johnny Jansen ferkiest Nygren boppe Van der Heide tsjin Heracles

22 jan 2021 - 19:53

Benjamin Nygren krijt yn de útwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Heracles Almelo in basisplak. De Sweedske bûtenspiler wie yn de lêste twa wedstriden twa kear suksesfol. Tsjin VVV Venlo skoarde Nygren yn blessueretiid de lykmakker (1-1) en yn it bekerduel mei FC Emmen (1-2 winst) wie hy ek al trefseker.

Johnny Jansen oer de wedstriid tsjin Heracles

"We weten dat Benjamin makkelijk een goal kan maken en gelukkig komt hij nu weer in scoringspositie", seit trainer Johnny Jansen. "Benjamin en Arjen (van der Heide, red.) kunnen elkaar mooi afwisselen."

De nije Sweedske oanwinst Rami Kaib hie tsjin FC Emmen in prima debút, mar Jansen is foarsichtich mei syn nije linksback. "Rami heeft een tijd niet gespeeld, moet eerst helemaal fit worden en gaat dan stap voor stap minuten maken. Hij heeft nog wat tijd nodig. "

Wij denken dat als Joey iets hoger op het veld staat hij nog meer voor ons kan betekenen

Johnny Jansen

De earste kompetysjehelte loerde Hearrenfean op de counter, mar mei de komst fan Siem de Jong en Tibor Halilovic is der mear fuotbaljend fermogen bykaam. De komst fan Halilovic betsjut ek dat Joey Veerman in mear offinsive rol krijt. Jansen: "Wij denken dat Joey nog meer voor ons kan betekenen als hij iets hoger op het veld staat. Maar hij heeft ook de vrijheid om bij de bal te gaan spelen."

Konkurrinsje is grut

De Jong en Halilovic binne twa fan de fiif nije spilers dy't derby kaam binne. De konkurrinsje is flink tanaam en jonges dy't normaal yn de basis stienen (Kongolo, Van Hecke), sitte no op de bank. En jonges dy't sa no en dan in ynfalbeurt krigen, binne hielendal út byld rekke.

Elke dag heb ik wel eens een moment dat ik het moeilijk heb.

Sieben Dewaele

Sieben Dewaele wurdt hierd fan Anderlecht, mar komt, troch de komst fan Tibor Halilovic en Siem de Jong hast net mear oan spyljen ta. Boppedat wurde der mei it ûnder 21-alvetal gjin wedstriden spile en dat hâldt yn dat Dewaele stil stiet yn syn ûntwikkeling. "Elke dag heb ik wel eens een moment dat ik het moeilijk heb", seit de Belch. "Het gaat niet altijd zoals je wilt dat het gaat. Je moet gewoon het beste ervan maken."

Jansen: "Het is nou eenmaal zo dat de concurrentie heviger is dan voor de winter. Het is wel de bedoeling om in de maand februari een aantal oefenwedstrijden te organiseren. En dan kunnen ze ons laten zien welke stappen ze hebben gemaakt. En hopelijk kloppen ze dan allemaal flink op de deur."

Sieben Dewaele

Ferwachte opstelling fan Hearrenfean tsjin Heracles: Mulder; Floranus, Dresevic, Bochniewicz, Woudenberg; Halilovic, J. Veerman, Siem de Jong; Nygren, H. Veerman en Van Bergen.

De wedstriid Heracles Almelo - SC Hearrenfean is sneontejûn om 21.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

Foar Joaquín Fernandez en Stanislav Shopov besiket Hearrenfean in oplossing te finen. De twa waarden ôfrûne simmer presintearre as nije oanwinst, mar meie no ferhierd wurde. Jansen: "Wat voor Joaquín en Stanislav geldt, geldt eigenlijk voor alle jonge jongens: ze moeten minuten maken. Maar je kunt er nou eenmaal niet acht verhuren. Hopelijk komen zij straks aan voetballen toe bij een andere club."

Johnny Jansen oer de wikselspilers

De 19-jierrige Amerikaan Ulysses Llanez is ek ûntefreden. De fleugeloanfaller kaam dit seizoen fiif kear as ynfaller yn it fjild. De heit fan hierling Ulysses Llanez stjoerde dizze wike in tweet de wrâld yn mei de meidieling dat hy hopet dat syn soan gau wer werom giet nei VfL Wolfsburg:

Lang om let wie der foar Hearrenfean dizze wike wer ris in oerwinning. Nei leafst 10 kompetysjewedstriden sûnder oerwinning waard FC Emmen yn de achtste finale fan de KNVB-beker mei 1-2 ferslein. Hearrenfean stiet no foar it tredde jier op rige yn de kwartfinale. Sneontejûn is de lotting en Hearrenfean spilet yn alle gefallen in thúswedstriid. Mooglike tsjinstanners binne Feyenoord, PSV, Vitesse en VVV Venlo. Jansen: "Als ik moet kiezen, doe dan maar VVV, maar ik hoop gewoon dat we de finale halen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)