Blommebuffer oanlein tusken De Jouwer en de A7

22 jan 2021 - 19:23

Oan de súdkant fan De Jouwer moat in flinke blommegreide komme. It giet om it gebiet tusken de A7 en it yndustryterrein Woudfennen. Yn oktober binne der ferskate blommemingsels ynsiedde en oan de eastkant komt in boskplantsoen.

Op de eftergrûn de ynsiedde grûn by De Jouwer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It giet om in gebiet fan sa'n 3,4 bunder. Troch de blommegreide wurde gerspaden meand, sa't kuierders troch it 'ynsektepark' rinne kinne, sa jout gemeente De Fryske Marren oan. Foar't alles yn bloei stiet is noch wol wat tiid nedich, om't it ek om mearjierrige blommen giet. Belangenvereniging Bedrijvenpark Woudfennen stipet it projekt.

De blommegreide slút yn de takomst goed oan by de njonkenlizzende Roazebosk. Dat is in lyts bosk tusken De Jouwer en Skarsterbrêge dat wer opnij ynrjochte wurdt. Sûnt 1975 rûn der in sneldyk troch dizze bosk, mar in pear jier lyn is dy wer fuorthelle en no wurdt de âlde bosk wer wersteld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)